Tantalus Leafde En Yntriizje Yn Egypte

Afbeeldingen

Artikel vergelijken

  • 9789089541192
  • 01 januari 9999
  • 321 pagina's
Alle productspecificaties

Manuela Köster

Manuela Köster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht.
Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen.
Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels.
Te witten:
De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen – 2000.
De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen – 2001.
Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert – 2003.
Yn 2009 ferskynde har earste roman, Tantalus, yn 2013 it ferfolch dêrop: Tantalus II: Learjild

Samenvatting

Fayda is in tige selsstannige frou, dy't wit hoe't se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oer oan syn broer Sabaan. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân, wêrby't Fayda him ta it uterste driuwt.
De plysje besiket om bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen wêrby't it libben fan in tal kaaifigueren op it spul komt te stean.
Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende debútroman, dat se in betûft ferteller is, dy't út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.
Tantaluskwelling: in kwelling feroarsake troch in langstme nei eat dat tichtby en dochs ûnberikber is.

Productspecificaties

Inhoud

Oorspronkelijke releasedatum
01 januari 9999
Aantal pagina's
321

Betrokkenen

Hoofdauteur
Manuela Köster
Hoofduitgeverij
Elikser B.V. Uitgeverij

Overige kenmerken

Product breedte
125 mm
Product hoogte
29 mm
Product lengte
210 mm
Verpakking breedte
125 mm
Verpakking hoogte
29 mm
Verpakking lengte
210 mm
Verpakkingsgewicht
407 g

EAN

EAN
9789089541192

Je vindt dit artikel in

Boek, ebook of luisterboek?
Boek
Taal
Fries
Beschikbaarheid
Leverbaar
Studieboek of algemeen
Algemene boeken
Nog geen reviews

Kies gewenste uitvoering

Bindwijze (1)

Prijsinformatie en bestellen

De prijs van dit product is 12 euro en 80 cent. Dit is een tweedehands product.
Alleen tweedehands
Goed
Dit is een uitgeschreven bibliotheekboek, in goede staat! Bevat een sticker op de rug.Hardcover.
Op voorraad
Voor 23:59 uur besteld, dinsdag in huis
Verkoop door Boekenkar BE
7,7
  • Bestellen en betalen via bol
  • 30 dagen bedenktijd en gratis retourneren

Lijst met gekozen artikelen om te vergelijken

Vergelijk artikelen