Passys

Afbeeldingen

Artikel vergelijken

  • fy
  • Paperback
  • 9789493159501
  • 30 oktober 2020
  • 724 pagina's
Alle productspecificaties

Josse de Haan

Josse de Haan is berne en opgroeid yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy't yn 1967 in twamansskoalle waard; Trinus Riemersma waard yn 1970 syn direkte kollega.
Yn 1971 krige De Haan in beneaming as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip te Skagen yn Noard-Hollân, dêr’t er him ek nei wenjen sette. Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk oan it Nutsseminary fan de UvA en oan de Vrije Leergangen VU, beide yn Amsterdam. Fan 1982 ôf wenne er dêr ek.
Yn 1988 sei er it ûnderwiis farwol en wijde er him alhiel oan it skriuwen. Josse de Haan festige him, neidat er wer in skoft yn Fryslân wenne hie, yn 1999 yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye oan de Golf fan Biskaye. Hy wennet dêr tegearre mei syn partner, de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.

Samenvatting

De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys’ is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. ‘Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.’ Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. Ek syn foarige roman Frou mei mandoline op sofa waard yn 2015 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.

Productspecificaties

Inhoud

Taal
fy
Bindwijze
Paperback
Oorspronkelijke releasedatum
30 oktober 2020
Aantal pagina's
724
Illustraties
Nee

Betrokkenen

Hoofdauteur
Josse de Haan

Overige kenmerken

Editie
1
Product breedte
140 mm
Product hoogte
38 mm
Product lengte
210 mm
Studieboek
Nee
Verpakking breedte
140 mm
Verpakking hoogte
38 mm
Verpakking lengte
210 mm
Verpakkingsgewicht
874 g

EAN

EAN
9789493159501

Je vindt dit artikel in

Taal
Fries
Boek, ebook of luisterboek?
Boek
Beschikbaarheid
Leverbaar
Nog geen reviews

Kies gewenste uitvoering

Bindwijze : Paperback

Prijsinformatie en bestellen

De prijs van dit product is 27 euro en 90 cent. De adviesprijs is 35 euro. Je bespaart 20%.
Je bespaart 20%
Op voorraad
Voor 23:59 uur besteld, woensdag in huis
  • Bestellen en betalen via bol
  • Prijs inclusief verzendkosten, verstuurd door De Jong Boeken
  • Ophalen bij een bol afhaalpunt mogelijk
  • 30 dagen bedenktijd en gratis retourneren
  • Wettelijke garantie via De Jong Boeken