Friezen yn 'e Frjemdte in skiednis fan Friezen om utens

Afbeeldingen

Artikel vergelijken

  • fy
  • Hardcover
  • 9789089543257
  • 16 oktober 2011
  • 734 pagina's
Alle productspecificaties

Samenvatting

It nei 1850 ôfnimmen fan de wurkgelegenheid yn de lânbou, de yndustrialisaasje yn oare streken en mear oarsaken hawwe der foar soarge dat Fryslân yn de 19e en 20e ieu in protte ynwenners kwytrekke.
Oeral wei binne wol minsken yn 'e frjemdte bedarre, yn in oare omjouwing as dêr't se opgroeid binne. Wat it bysûndere is fan de Friezen, is dat se wol út Fryslân weigean, mar dat Fryslân net út harren weigiet. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte der blykber hiel djip yn. Dat sprekt ekstra oan as hja âlder wurde en sjogge dat it libben ferrint.
It ferlitten fan it eigen wenplak, faak út bittere needsaak, wie yn earder tiid foar de measten folle yngripender as no. Oare omstannichheden en opfettings sille ek yn dit boek nei foaren komme en dat blykt faak tige nijsgjirrich te wêzen.
Feroarings fan omjouwing, wurk en mentaliteit soargen foar in soad ûnwennigens. Mei dêrtroch kaam it, dat Friezen oer de hiele wrâld inoar opsochten en mear as 200 kriten om utens oprjochten.
Wat der yn Fryslân barde, waard dêr meastentiids goed folge en ek foar Fryslân hienen kriten en bûtenfriezen betsjutting. Al dy kriten, ek yn de lytste plakken, hienen har eigen toanielploegen, sjongkoaren, keatsklubs, geselligens en freonskip. Yn de no noch besteande kriten is dat net oars.
It boppesteande hat mei oanlieding west foar it beslút fan it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens om dit boek út te bringen oer de Friezen om utens. It boek beheint him ta in skiednis fan de Friezen om utens yn organisearre ferbân. Der wurdt, troch de tiid hinne, in byld jûn fan hoe't it om en ta gie yn de kriten, de selskippen, harren klubs en fan by dy organisaasjes belutsen minsken.
It boek giet fansels ek oer de skiednis fan It Frysk Boun om Utens, oer it âlde Boun (1905-1918) en it hjoeddeiske Boun (1923 oant no) en oer har krewearjen om de selskippen en kriten yn in lanlike oerkoepeling gear te bringen en fan dêrútwei te stypjen.
De sintrale doelstelling fan It Boun hat nammentlik altyd west in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen.
Yn in tiid fan grutte feroarings en foaral ek yn in tiid fan it tebekrinnen fan it tal Fryske kriten en harren ledetallen, hat it bestjoer fan It Boun miend om dat stikje dochs wol bysûndere histoarje foar it neiteam fêst te lizzen.

Productspecificaties

Inhoud

Taal
fy
Bindwijze
Hardcover
Oorspronkelijke releasedatum
16 oktober 2011
Aantal pagina's
734
Kaarten inbegrepen
Nee
Illustraties
Met illustraties

Betrokkenen

Hoofdauteur
Hâns J. Weijer
Hoofdredacteur
Hâns J. Weijer
Hoofduitgeverij
Elikser B.V. Uitgeverij

Vertaling

Originele titel
Friezen yn 'e Frjemdte

Overige kenmerken

Editie
1
Extra groot lettertype
Nee
Product breedte
227 mm
Product hoogte
50 mm
Product lengte
308 mm
Studieboek
Nee
Verpakking breedte
227 mm
Verpakking hoogte
50 mm
Verpakking lengte
308 mm
Verpakkingsgewicht
3495 g

EAN

EAN
9789089543257

Je vindt dit artikel in

Categorieën
Taal
Fries
Boek, ebook of luisterboek?
Boek
Studieboek of algemeen
Algemene boeken
Beschikbaarheid
Leverbaar
Nog geen reviews

Kies gewenste uitvoering

Bindwijze : Hardcover

Prijsinformatie en bestellen

De prijs van dit product is 39 euro. Dit is een tweedehands product.
Alleen tweedehands
Goed
Dagelijkse verzending! Het boek heeft een stevige rug, bevat geen vouwen, ezelsoren en aantekeningen. Voormalig bibliotheekboek, maar het boek is in prima conditie!
Op voorraad
Voor 17:00 uur besteld, zaterdag in huis
  • Bestellen en betalen via bol
  • Prijs inclusief verzendkosten, verstuurd door De Jong Boeken
  • Ophalen bij een bol afhaalpunt mogelijk
  • 30 dagen bedenktijd en gratis retourneren
  • Doordeweeks ook ’s avonds in huis

Lijst met gekozen artikelen om te vergelijken

Vergelijk artikelen